Dorpsfeest Boksum 2018

“Wat ha we in moaie / noflike merke hân‘’, soks moat je as kommisje goed dwaan as soks troch ferskate minsken jong / âld utere wurd. Skriuwer moast efkes wenne oan de tiden die yn it programma ôfdrukt stiene, 18.29, 19.17, 21.42, 22.02, wer ha we soks faker sjoen… De optocht sette sa as gebrûklik útein op Pypsterbuorren. Elts hie yn earsten it sicht rjochte op de minne loft die der oan siet te kommen. De jury die bestie út Marieke en Jeroen hiene opdracht krigen om in beoardieling te jaan op de strjitfersiering en hoe de bern en de folwoeksenen harren útbield hienen derby it tema karnaval sa goed  mogelik útbieldend. Underweis nei it einpunt waarden we traktearre. It wie Pluvius die de kraan yn it wiidst iepen sette! Jammer foar de ferklaaide minsken en bern die it nei ôfrin it himd út rûn. Ik jammer wie it dat mar in pear strjitten de muoite nommen hiene om harren strjitten yn it tema karnaval te fersieren. By de strjit fersiering wienen it de Muontsen – (Muontsenhiem) die de priis taskikt krigen. De priis foar de bêst ferklaaide folwoeksene wie foar Gerard Breukers. By de bern kamen as moaiste foar de dei Elsa van Houten en Fien Pieters. It iepeningsspul bestie út in dûbele sjoelbak mei hindernis. Froukje Reineman wie hjir de tûkste yn.

Dernei waarden de partoeren gear stalt foar it keatsen op freed. De iene sil hjir tefredener oer west ha dan de oar dit oangeande as je as A, B, of C maat keatse moasten. Nei de lotting wie it wurd en de muzyk oan DISCO SILVER. De earste folle merkedei (freed) waard útein set mei berne spultsjes en om 11.02 de ieniche echte merke keatspartij. Ik ferwûnderje my der altyd wer oer hoefolle dielnimmers hjir op ôfkomme ,ik dit jier wie it net oars. Sân (7) partoer mei de lytse bol en (14) mei de heinebal. Merkekeatsen wurd beoefene troch jong en âld (de jongste 12 en de âldste 74) sûnder al te muoilike rigels. Ik persoanen die de rigels net kinne /en of nooit keatse binne wolkom al wurd wol ferwachte dat se fan in bepaalde ôfstân opslaan kinne die fjirder dan fiif of seis meter fan it perk ôfleit. It docht bliken dat der guon binne die noait keatse dochs in aardich baltsje slaan kinne. Nei in enervearjende dei mochten ferskate priiskeatsers harren priis / en of krâns yn ûntfangst nimme. Winnersronde heinebal: René, Tim en Angela, de preemje wie foar Folmer, Wessel en Keimpe. Richard, Jaqueline en Frans A . tredde priis en Femke, Sietske en Marrit waarden knap fjirde. By de ferliezers wie de ear foar Syds , Reinder en Thom. Martijn, Yolanda en Melvin waarden twadde. Yn de keningsklasse  krigen we wer de bekinde gesichten foar de tafel , Harm Germ, Bram K. en Hillebrand krigen de krâns omhongen. De preemje gong nei Sierd Jan, Sebastiaan en Esther M. Ferliezersronde: Arjen, Pieter H. en Jan V krigen de priis ta bedield.

Û.l.f. Ynze Postma waard besiden it doarpshûs striden om de titel Jeu de Boule kampioen 2018. Dat is in titel om grutsk op te wêzen, hy/sy wurd ien jier op hannen droegen. Folgers kenners gong it er om wei, net gemien mar wol ferskriklike fûl (as der gers groeit hie wie de pôle keal west). Nei in pear oeren fan striid en in protte rekkenerij koe Ynze op it ein fan de middei de priiswinners nei foaren roppe. 4 = Ynze Postma, 3 = Dick Alberts, 2 = Cor Okkema en Hidde Houwink út Swolle waard útroppen ta kening. In hiele ear foar dizze feestfierder om utens die elk mei syn frou del komt om mei ús de merke te fieren.

Foar de bern wie der bernesweef – springkessen – koekjes bakke – ferrassingsspul en ferklaaid berne disko. De jûns wie der in protte flecht op de koai foar de kwis die gong, hoe kin it ik oars oer it tema Karnaval. Disco Silver makke dizze earste folle merke dei ôf.

En dan is it al wer sneon. Al om njoggen oere wurde de earste ferkears bewegings waar nommen rjochting ‘’it String‘’. It bliuwt in topper yn it merke barren, it mei inoar iten, ik wol neamt it ‘’ feestontbijt ‘’. En it wie wer in feest, wat er allegearre te iten wie, tefolle om op te nimmen. Mar ja wat wol je ik as waarme bakker Sijbesma jo buorman is ! In folle bak , alles wie beset. It wie troch it bestjoer goed ynskatten dat it SPEKTAKEL dit jier binnen plak fine moast. Pluvius hie de boel oars behoarlik yn de war goait die ûnderwilens bliken. Man machtich waard yn trije kertier it doarpshûs geskikt makke foar boppesteand. In linich/behingsheid spultsje die bliken wer by de dielnimmers op in soarte fan poddestoel stiene wylst der boppe en ûnder harren in balke troch gisele. Springe en djip troch de hurken en probearje op de (wibelige) poddestoel stean te bliuwen. Nei ferskate hilaryske mominten wienen Wessel Miedema (jeugd) en Allard Struiksma de behindichsten. By de bern ûnder de tolve bliuwn Rens Heslinga it langst stean. En dan nei it opromjen it matinee , dizze kear net bûten mar yn it String. In protte ferklaaide minsken en de ‘’Hitsingers ‘’ die ús in pear oeren tige fermakken. In ferskynsel dat sich de lêste jierren foar docht is dat Martijn (de master knuffelaar ) him troch de seal wrakselet en elts frommeske efkes yn de earmen nimt (in mega karwei).

De lêste jûn sette we útein mei de tradisjonele bingo yn, hoe kin ik ik oars, in folle seal. De ôfsluter wie foar de kofferband ‘’de Koffer‘’, in sân tal muzikanten mei passy foar muzyk, entûsjasme en mega fette medleys yn de meast útien rinnende stilen. It is al yn de lytse oerkes as hjir in ein oan komt en we mei syn allen werom sjen kinne op in slagge feest. Mei tank oan de sponsoren (kinne we net sûnder) en ús feestkommisje die dit jier bestie út Wilma – Jitske – Bianca – Minno – Menno – Willem – Bram  en Durk Arjen.

S. Té.