Fûgelwacht Boksum en omkriten
Oprjochte 1 Jannewaris 1990 en útein set mei 120 stipers . 2018 > 341 stipers.
Yn de ôfroene 28 jier is der hiel wat bart/feroare mar it wurk wer de feriening foar stiet is grutter wurden. Sûnt de oprjochting lei de klam op de neisoarch fan greidefûgels. It beskermjen yn de breedste sin fan it wurd. Troch feroare omstannichheden is it aaisykjen ûnder fjoer komme te lizzen. Nei in protte hin en wer gepraat en rjochtsaken is it no al inkelde jierren net mear tastien om op de âlde manier ljipaai te sykjen.
Wol binne we al in protte jierren dwaande op de skoallen om bern de leafde foar de natuer by te bringen. Us tinkt in tige wichtige saak! Mar de sosjaal media makket it ús tige muoilik. Polske springe, it lân yn is net mear fansels sprekkend docht bliken.
Ferline jier ha we de nêstkastkes wat útwreide, 20 yn Deinum en 10 yn Boksum. Makke troch learlingen fan ‘de Brêge’ út Ljouwert. Hooplik kin we dit yn de rin fan jierren fjirder útwreidzje. Fjirder sit er in ierdswellewânt oan te kommen. Allegearre saken die wer mear tiid freegje fan ús frijwilligers.
Wat is er de ôfroene jierren bart wer we grutsk op binne:
Jo/jimme sjogge we binne drok dwaande.
Ik wichtich is dat er elk jier in pracht fan in jierferslach makke wurd die in elk taskikt kriget die stiper is fan ús fûgelwacht. Foar 5 euro binne jo der ik lid fan en stypje derby it wichtige wurk sa as boppe omskriuwen stiet.
Nijsgjirrich? Mail of skilje dan efkes nei de skriuwer fan de Fûgelwacht Boksum e.o
Siep Tilma, Boksum 058 – 254 19 60 of 06 – 10 64 25 06.