Konsept
Ferslach fan de Algemiene Ledenfergadering fan Doarpsbelangen Boksum en de Uitvaartvereniging Boksum hâlden op 17 maaie 2022 yn It String
1. Iepening
De foarsitter Henk Korthof hjit eltsenien wolkom om 20 oere.
2. Minút stilte foar dy’t stoarn binne yn 2021/2022.
We betinke Piet Roedema, Klaske Okkema en Hotze Schrale. Cornelis Pietersma is fleden jier ek stoarn, yn é maitiid, we hearden dat krekt fleden wike.
3. Notulen Alg. LedenFergadering 8 juny 2021, te finen op www.boksum.frl
Omdat de pdf-viewer net foar elts tagongkelik wie wurde de notulen-yn-it-koart foarlêzen. Der binne gjin fragen oer.
Wat updates:
• de boarring nei waarm wetter wie gjin sukses, se besykje de kapasiteit op te krikken en hâlde ús op é hichte.
• Der is dit jier een twadde soarchwenning pleats op it Mountsehiem, der is mei de gemeente fergadere (yn teams) oer it lawaai fan de prof. dyk, oer glêsfezel, oer it iepenbier ferfier en oer de Nijlânsdyk.
• De skou hat west, Ynze wurdt betanke foar it meirinnen en -tinken.
• De leden fan de twa wurkgroepen fan it doarpsbelang wurde betanke: Kees, Johan en Jacob Jan foar de wenningbou en Richard, Hennie en Jan Wiebe foar de groep Takomstfisy.
• Ek wurde de krystbeamstroomleveranciers betanke.
• Doarpsbelang sit no ek yn een fergadergroep oer de opfang yn Blessum, Boksum en Deinum fan flechtlingen út Oekraïne.
4. Finansjeel ferslach DBB en UVB.
De kascommissieleden Anneke en Jan Wiebe hawwe gjin rare dingen sjoen, de ponghâlder wurdt discharge ferliend. Jacob Jan sil Jan Wiebe takom jier assisteare mei de kontrôle.
Der is een nij aktuarieel rapport oanfrege. Derbij binne de folgjende fragen:
Kinne we de kontribúsje ferleegje? Kinne we de útkearing bij een stjergefal ferheegje? Of kinne we fan beide wat?
Is der een mearderheid foar it ien of it oar? Kin it bestjoer een mandaat krije? We stimme en beslute dat earst it nije rapport der wêze moat, en as dat grutte feroarings freget roppe we een ekstra gearkomste byinoar. Oars sjugge we takom jier fierder.
5. Meidielings bestjoer Doarpsbelangen Boksum
Bestjoer: ôfgeand, mar wolle noch wolris: Henk Korthof, Edzer Kramer en Jeanet van Dellen. Applaus fan de gearkomste, dus dat is akkoard.
Ofgeand is Pieter Hallema.
• Takom jier sil Froukje, ponghâlder, wol stopje. Wa sil har ferfange? It soe moai wêze as Froukje de kommende tiid al ien ynwurkje kin. We sykje dus nije minsken.
• Gemeente Waadhoeke hat een nije doarpenkoördinator foar Boksum. Hiske de Schiffart hat ôfskied nommen, de nije is Hendrik Tamsma, hij wie jûn jammer genôch ferhindere,
• It Mienskipsfûns fan Boksum stelt foar om 300 euro te jaan oan de feestkommisje fan Boksum. De gearkomste stimt foar dit foarstel wêrmei it oannommen is.
6. Untjowing Otto Clantterrein
We ha fleden jier, 28 oktober, de presintaasje fan de lêste plannen hawn, hjir yn It String. Dy plannen binne enthousiast ûntfongen. Der binne noch wol een reeks details wer nei sjoen wurde moat. Warmtepompen? Energyneutraal? De gemeenteried hast it plan yn des. ’21 oannaam, der is doe troch Henk ynsprutsen. Yn maart binne de belutsenen bij inoar west mei een notaris derby, it gie oer it anti-speculaasje beding en de foarrang foar Boksumers. It plan útwurke plan is noch net beskikber. Tongerdei, oaremoarn, wurdt it plan foar de earste kear besprutsen troch de kommisje fan Hûs en Hiem (link op boksum.frl). Duorret it noch een jier foardat der boud wurde sil? Bestimmingswiziging, omjowingsfergunning…soks duorret lang. Kin it flotter?
Punten fan soarch: de boukosten wurde heger en de rinte ek.
7. Wenfisy
De boarterstún is datearre, mei help fan de gemeente sil der een upgrade komme. Earst een ynventarisaasje: wat wolle de bern, de 6 alders en de pake’s en beppe’s. Kosten kinne oprinne oan 60.000 euro. Kin de gemeente opdrachtjouwer wurde, dat soe gemakkelik wêze. Wa wol meitinke?? Der komt faaks een nij keatsatribuut, een keatsmuorre. It is noch pril mar Foppe Tinga sjocht mooglikheden. Der wurdt sprutsen mei it bewegingsteam, mei it doarpshûs en mei Hendrik Tamsma fan Waadhoeke. Ek hjir sille we troch de prosedueres hinne moatte.
We komme mei ús besetting net ta oan een pear saken, bijgl. de lûdshinder fan de fleanbasis/F34 (Geert Verf, Marsum is hjir al jierren oansprekpunt foar), de lichtvervuiling fan de stêd (DB Jellum-Beers is dêr drok mei) en ek de rykswei nei Boalsert, guon minsken fine de herrie fan de dyk botte ferfelend.
8. Meidielings bestjoer Uitvaartvereniging Boksum
Der is een nij aktuarieel rapport oanfrege. Derbij binne de folgjende fragen:
• Kinne we de kontribúsje ferleegje? Kinne we de útkearing bij een stjergefal ferheegje? Of kinne we fan beide wat?
• Is der een mearderheid foar it ien of it oar? Kin it bestjoer een mandaat krije? We beslúte dat earst it nije rapport der wêze moat, en as dat grutte feroarings freget roppe we een ekstra gearkomste byinoar. Oars sjugge we takom jier fierder.
• Wa is oansprekpunt foar de begraffenisferieniging? Wol Hennie Annema dat wêze?
9. Rûnfraach
Kees: wol doarpsbelang yn it ferfolch de betinking fan 4 maaie organisearje en it ynitiatief nimme? It bestjoer sil hjir oer gear.
Cor: Hoe komt it mei de krystbeammen? Pieter Hallema bliuwt hjirfoar de man.
Annie: De boade fan de UVB moat beneamd wurde. Van der Galiën is de opfolger. Frou Faber hie ús eins ynformearre moatten.
Jan: De Nijlânsdyk, it bliuwt een probleem. Camera’s? Wer foarlizze oan de gemeente, de aanhouder wint.
10. Om 21.05 slút de foarsitter de fergadering
Nei it skoft krijt Hinne Wagenaar it wurd. Hij is ien fan de ynitiatiefnimmers fan Nijkleaster, een spirituele mienskip dy’t al een skoft lien (2017) opset is yn Jorwert/Jellum-Beers/Weidum, een nij soarte (frijsinnige, tsjerklike) gemeente. Der is wykliks een fêst programma (Kleaster-kuier, Ferbining op freed etc.), sjoch www.nijkleaster.frl
Wagenaar is de foargonger fan dizze tsjerklike gemeente. Hij sketst de skiednis fan it tsjerkedoarp Jorwert en de omkriten. Wat hat dêr plakfoun, wat diene de muontsen, wat wie de ynfloed fan de feroaring fan it katolike yn it protestantske. Hjoed de dei binne kleasters foaral polpulair om’t minsken untstresse wolle, der binne soms wachttiden fan een jier foar een ferbliuw. Foarbylden yn oare lannen binne Iona en Taizé.
Jentsje Popma hat holpen troch syn wurk te skinken, de finansjele rêding fan dit projekt.
Der wurdt ûnder Hilaard (Westerhûs) een grutte pleats opknapt, der komme lytse wenningen om hinne, en ek gasteferbliuwen. Der is een hurde kearn fan 5 minsken mar der binnen tsientallen frijwilligers.
Nei een grou oere betanket Peter de hear Wagenaar foar syn slagge foardracht en wurdt der een boeket oerhandige.