Mien Laiverd
GERT HOESMAN
1967 ~ 2022
We zouden het rustig aan gaan doen en gaan genieten…
We wolle as doarp en feestkommisje efkes stilstean by it ûnferwachte ferstjerren fan Gert. Yn ferskillende doarpen wer merke fiert waard wienen Gert en Marlies Hoesman mei harren snackkarre bekende gesichten. Noflike minsken die fan oanpakken wisten en in goed produkt ferkochten. Tiidens san merke krij je in soart minsken foar de karre en foaral yn de lytse oerkes moast er dan hiel wat wurk fersetten wurde. Altyd like noflik en foar elts in goed wurd. In protte klanten waarden dan ik by namme neamt.
Dat selde barde yn HIlaard, Winsum en in soart oare plakken wer de Hoesmannen tal fan jierren stienen mei harren snackpaleis. Fan maart o/m september mei de karre op in paad. Gert die dernei dan noch tsjinst as sjauffeur yn de biete kampagne wylst Marlies warber wie by de thússoarch. Yn de winter waard it ark wer opknapt mar ek thús yn Niawier gong it wurk troch yn harren snacksaak. In hiele slach wie it ferlies fan Gert syn beide âlders yn 2019 die binnen in tiidsbestek fan seis oeren kamen te ferstjerren.
Mei-inoar ha se hjir wol mear as 20 jier by ús op de merke stien. In pear jier ferlien waarden se noch efkes yn It String tasprutsen troch de foarsitter. Troch problemen mei de sûnens en corona binne se nei 2018 net mear del west. In protte minsken ha op 27 maaie l.l. yn it krematoarium fan Dokkum ôfskied nommen fan Gert. Wy winskje Marlies en famylje treast ta mei it ferlies.
S.Té.