Net ien fan de gearstallers fan it boekje oer 100 jier Otto-Clant skoalle (1992) hie befroedzje kinnen dat rom in kwart iuw letter de skoalle harren doarren definityf slute moast. “wy hoopje en bidde dat de oertsjûging fan ús foargongers: Chr. Underwiis yn Boksum de kommende iuw net yn ús doarp ferlern giet”. De realiteit wie jammer genôch oars…
Yn Maaie 2015 fûl der by eltse ynwenner fan Boksum in brânbrief op de matte. De oarsaak wie dat er in driigjende slúting oan siet te kommen wat te krijen hie mei it tal learlingen wat de skoalle besocht. De skoalle hat hjir op yn spile troch groep troch brekkend ûnderwiis yn te fieren. Dit foel net by in elk yn goede ierde wer troch bern op oare skoallen basis ûnderwiis folgjen gongen. Ek waard de skoalle in trije talige skoalle wer by fanôf groep ien Nederlânsk, Ingels en Fries sprutsen en skriuwt waard. Hjir mei wiene se ien fan de 35 offisjele skoallen yn Nederlân die ‘’vroeg vreemde talen onderwijs“ ynfierde. Yntusken hie ûnderwiis groep “Fier“ de skoalle ynformearre dat se foarnimmen wie om de skoalle yn augustus 2016 te slúten.
Alles is hjir nei yn it wurk stelt om boppesteand te kearen. De parse waard socht , FD, LC, AD, Volkskrant en de stjoerders Omrop Fryslân, GPTV en Radio Eenhoorn makken opnamen. Gemeente -Provinsje- leden GS en sels Lutz Jacobi kaam del en waard oer de situaasje ynformearre.
Troch dat se mei inoar yn petear rekken (direksje, Fier, âlders en O.C.) waard de datum foar slúting opskoot. Ik waard der kontakt socht mei de skoalle fan Hilaard (de Reinbôge). De minsken yn Boksum wiene optein doe der yn Maaie 2017 in berjocht yn de LC te lêzen wie dat de ‘’takomst skoalle Boksum feilich wie‘’. De slúting per 1 augustus 2018 soe sa goed as net troch gean kopte de grutste krante fan Fryslân. Skoalle koepel Fier koerste ôf op in ynformele gearwurkingsskoalle mei de Reinbôge yn Hilaard, punt… Oare senario’s wiene in fêstiging yn Hilaard of de bern nei Deinum gean litte. De âlders fan Hilaard wolle lykwols harren bern by inoar hâlde, ek al is dat yn Boksum. Boksum der yn tsjin wol net nei Hilaard, dan krijt Deinum de foarkar…
Boppesteand ferhaal wie los sân die bliken, de auteur…??
Hilaard wie hjir hielendal net mei op de hichte en de ferkearing mei Boksum rekke út.
En dan is it tongersdei 19 July 2018. De LC kopt ‘’Otto Clant strijdend ten ûnder“. Untanks alle ynset fan bestjoer, m.k.r., âlden en it doarp is it net slagge om de skoalle foar it doarp te behâlden. It moat in raar gefoel foar de learkrêften west ha dat ien dei letter de hiele boel leech helle waard troch in ferhús bedriuw. Gemeente de Waadhoeke – d.b. Boksum en ynwenners sille no yn oerlis mei inoar betinke wat de bestimming fan it gebou wêze sil. Mocht ien en oar te lang duorje dan sil CAREX ynskeakelje foar tydlike bewenning.
In doarp sûnder skoalle is as in jas sûnder mouwe
Untanks dat de bern no harren ûnderwiis folgjen gean yn Deinum en/of Weidum bliuwt it moai wenjen yn ús doarpke Boksum. Al hoewol de ferdivedaasje die in skoalle mei him mei bringt we wol komme te missen.
S.Té