Verslag ALV vereniging DBBoksum en UVBoksum 18 april 2019
Oanwêzich fan’t bestsjoer: Froukje en Piet Struiksma, Sjoukje Feenstra, Jeanet van Dellen, René Tilma, Henk Korthof, Pieter Hallema, Jan Wybe Visser en Edzer Kramer.
Ofmelding: Welmoed Visser
Opkomst: ruim 50 personen
- Om 20.00 uur opent de voorzitter de vergadering.
Allereerst worden de nieuwe bestuursleden voorgesteld. Het bestuur bestaat uit Froukje en Piet Struiksma (zij zullen samen het penningmeesterschap van Sjoukje overnemen, als duobaan dus. Froukje wordt officieel penningmeester, het plan is dat Sjoukje het stokje in juli definitief overdraagt), Sjoukje Feenstra (penningmeester), Jeanet van Dellen, René Tilma, Henk Korthof (voorzitter), Pieter Hallema, Jan Wybe Visser en Edzer Kramer (secretaris). De vergadering gaat akkoord met dit bestuur.
- De notulen van de vorige ledenvergadering op 24 april 2018
Ze zijn te vinden op www.boksum.frl. Der binne gjin opmerkings oer. De foarsitter bedankt Tryntsje Pasma.
- Mededelingen bestuur Dorpsbelangen Boksum.Wat is der dit jier gebeurd?
Jeanet fertelt oer de bestimming fan it skoalleterrein no’t de skoalle fuort is. Der hat een pear kear oerlis west mei de gemeente Waadhoeke. De wenningbouw stichting NoordWest Friesland is troch de gemeente oanwezen as preferente untwikkelder. Sij soene twa soarchbestendige hierwenten op it plak sette wolle hwerbij it alde skoalgebouw wer brukt wurdt. Wij ha frege om mear wenten, ek sjoen de grutte behoefte dy’t bliken die út de enquête dy’t yn desimber 2018 hâlden is. De gemeente wol wol meitinke mar der is gjin garânsje te jaan dat it slagget (en dat der dan ek Boksumers yn de nijbou wenje kinne). Yn maaie is der een ôfspraak mei een stedenbouwkundige. Johan de Vries fan Boksum sil der mei sparre oer de wet- en regeljowing. It hiele proces kin lang duorje. Johan: we zijn nu nog aan het verkennen. Wat hebben de partijen aan elkaar, wij willen graag meer woningen. We zullen in gesprek blijven, zorgen dat we als dorp niet op een zijspoor gezet worden.
Henk memoreert it sukses fan De Slach bij Boxum (Ljouwert 2018-Kulturele haadstêd – Under de toer project), hij neamt de Dorpen/Wijken Conferenties dy’t de gemeente Waadhoeke organiseart. Hiske de Schiffart (ús doarpskoördinator fan de gemeente Waadhoeke) is oanwêzich en jowt wat neiere ynformaasje.
De doapsskou hat west, der binne feroaringen en ferbetteringen yn it doarp pleegt sa as de oanlis fan de brêge hwer de jongere skoalbern oer fytse richting Deinum, der binne picknicktafels delsetten op ferskate plakken. De beamekap op e Nylânsdyk hawwe we net foar komme kinnen, mar der komme yn de hjerst al nije beammen. De boargemaster (mw. Waanders) komt op 17 maaie op besite yn Boksum (doarpshûs), we wolle mei syn allen graach in posityf plaatsje delsette.
- Mededelingen bestuur Uitvaartvereniging Boksum.
Op de site www.boksum.frlvindt u de aangepaste statuten (gewijzigd onder auspiciën van de koepel van Friese Uitvaartverenigingen) van de Uitvaartvereniging Boksum alsmede haar huishoudelijke reglement.
Der is no een nije stichting DorpsBelangBoksum, Jan Wiebe Visser hat mei de wurkgroep een soad wurk fersetten foar de begraffenisferieniging. De contribuusje wurdt op ‘e nij fêststeld op 12,50 euro, de útkering bliuwt 500 euro. Foar alle dúdlikheid: de bestjoeren fan DBB en UVB binne deselde.
De vergadering houdt een minuut stilte voor de overledenen in 2018. Dit jier hat it doarp Sietske Okkema-van der Heide, Baukje Weijer en Rennie Ventura-Van Hoogen ferlern.
- Financieel verslag DBB en UVB. Kascommissie Jelke Rodenhuis (afgaand) en Tjeerd Cuperus.
Doarpsbelangen hat 141 leden (wie 142). De penningmaster soe graach wolle dat elts dy’t dat noch net die syn/har kontribuusje oermakket. Sij leit noch in pear bysûnderheden út.
De Uitvaartvereninging Boksum heeft nu 171 leden (was 175). Er zijn nog 25 openstaande posten.
De kascommissie bestaande uit de bovengenoemde heren heeft gezien dat de boekhouding er goed uit ziet. Ondanks de ingewikkelde materie heeft men tot volledige goedkeuring van de penningen kunnen over gaan, mede dankzij de deskundige toelichting van Sjoukje Feenstra.
Jelke Rodenhuis is aftredend lid van deze commissie. Na enig gesteggel meldt Anneke de Jong zich als nieuw lid. Zij zal samen met T.Cuperus de kas volgend jaar controleren.
- Rondvraag
Jan Pasma: Fan 16-17 oere is it drok (mei auto’s) op de Nylânsdyk. Kin dit oankaart wurde bij de plysje of bij de gemeente? Der soe handhave wurde moatte.
Hiske de Schiffart (doapskoördinator fan Waadhoeke foar û.o. Boksum): Is lestich foar de plysje, ek al troch (groepen fan) WhatsApp, der sil gjin hege opbringst wêze fan de boetes. Burgers kinne de auto neame, kleur, nûmerboerd.
Geartsje Vledder: De hage fan de herfoarmde pastorije stekt te fier oer, soms kin der gjin ien mear lâns. Soe snoeit wurde moatte.
Hiske: der kin wol een yngreep dien wurde, dat soe dan wêze út oerwegingen fan ferkearsfeiligens.
Annie Bouma: De Tiltsjedyk is soms krekt een racebaan.
Hiske: Kinne we net folle oan dwaan, je kinne net oeral bulten dellizze. It is een gedrachsprobleem
Annie Bouma: De boarterstún is een rommeltsje.
Hjir sil op 11 maaie oandacht foar wêze, Boksum Blinkt!
Ynze Postma: Bij de útrit fan It Reedtsje binne de beide hagen te heech, je sjugge net hwa’t der oan komt. Ien is partikulier, ien fan de wenningbouw.
Hiske: sels derút komme mei de minsken is 1, oars moatte je hjirmei nei de gemeente (sjuch ek de pastorije hjirboppe).
Ynze bedankt de gemeente dat se It Reedstje noch meinaam hawwe bij de wjerynrjochting fan Boksum.
Pieter Pasma: Der is een parkeerprobleem yn Boksum, bygl. op it Blessumerpaad, de Tiltsjedyk en de Oedsmawei. Der is al oer klaait en der binne al minsken op oansprutsen, moat dat nochris?
- Skoft
Yn de pauze freget Eveline Adema oandacht foar de hartdefibrilator, de AED dy’t bij de bakker hinget. Bij een noodsituatie meldt het systeem dit aan vrijwilligers die in de buurt wonen. Meldt u aan bij hartslagnu.nl.“We zoeken mensen die de AED kunnen gebruiken, mensen die een cursus van een avond of een middag (3 uren) willen volgen. Het is niet duur, een lid van ons dorpsbelang betaalt niets, anders kost het 10 euro.
- Nei it skoft komt Ruud Goeman oan it wurd.
Hij is haad fan de ôfdieling Samenleving fan de gemeente Waadhoeke en jouwt foarljochting oer de mogelike grinskorreksje dy’t noch efter de wjeryndieling weikomt. Dit hie destiids ek te meitsjen mei de oanliz fan de Haak om Ljouwert.
It giet om de fraach hwer’t je je thús fiele, is dat bij een ‘stêd mei plattelân’ of bij it ‘plattelân mei een stêd’.
It is de bedoeling om de beslútfoarming oer dit ûnderwerp fan ûnderop te dwaan. Men fergadert earst mei de fertsjinwurdigers fan doarpsbelangen fan de fiif plakken dy’t belutsen binne. Yn juny, as de doarpen oer it proses ynljochten binne, komt de wurkgroep wer bij inoar. De fraach is dan “Hoe freegje we de ynwenners wat se wolle”. As alle doarpen neat feroarje wolle—klear. As ien of mear doarpen wol feroaring wolle dan komme de gemeenterieden yn aksje, sa is de wet. Beide gemeenten moatte dan akkoord wêze. De prosedure dy’t folget is lang, it duorret twa jier. De gemeente docht dit sa omdat se dat destiids beloofd hawwe.
Jelke Rodenhuis: tank foar jo dúdelike ferhaal, mar wij ha dus net it lêste wurd, ús winsk kin fan tafel fage wurde?
Ruud Goeman: dat klopt…maar er zullen goede argumenten van de raad tegenover moeten staan.
Marco ten Broek: het was een belofte, er was toen dus iets aan de hand?
Ruud: er waren toen twijfels, waar willen we bij horen.
Siep Tilma: stel dat it iene doarp oars beslút as it oare, wat dan?
Ruud: ik weet het antwoord niet, een lastige zaak, een zwaar besluit. Het hoeft geen gezamenlijk besluit te zijn van de 5 dorpen.
Jan Dijkstra (wethâlder waadhoeke) fult oan: we wolle dit mei de klups, it bestjoersfjild, tegearre dwaan. We wolle de kultuur fersterkje, meiinoar.
Hennie Annema: hoe wurdt de wurkgroep gearstalt, sitte der ek lju út de sport, de musyk yn, sij ha der (ek) belang bij.
Hjir is noch gjin beslút oer naam, de gearkomsten sille yn it doarpshûs wêze.
Ynze Postma: de hichte fan de WOZ is ek fan belang.
Ruud: de werkgroep gaat na welke informatie we verzamelen om de burgers goed te informeren.
Cor Okkema: it giet om een kar, wat binne de belangen fan Ljouwert? Hat dêr al kontakt mei west?
Ruud: dat is er niet geweest. We gaan er nu zelf over, hoeven dat niet met de buren te overleggen, het is ons probleem nu.
De voorzitter bedankt dhr. Goeman hartelijk en sluit de vergadering rond 21.30 uur.