Protte belangstelling Aftrapavond De Sûnde fan Haitze Holwerda

Der wie wer in protte belangstelling foar de ‘aftrapavond’ op 13 jannewaris. Al mear as fyftich minsken ha har opjûn om mei te dwaan oan it spektakel ‘De Sûnde fan Haitze Holwerda’. Sa binne der 21 dy wol spylje as figurearje wolle. Foar in koar binne de al 16 minsken. Opjaan kin noch altyd troch in mail te stjoeren nei info@de-sunde.frl.

Regisseur Tjerk Kooistra hat op 13 jannewaris bekend makke hoe it stik de yn grutte halen út sjen sil. De start is yn It String. Dernei rinne de misken oer it Haitze Holwerdapaad nei de pleats ‘Terphûs’ wêr it stik fierder giet. Underweis wurdt yn it tal taferielen de tiid wêryn it ferhaal spilet útbylde. It slotstik wurdt spile yn en om de bus dy de minsken werom bringt nei it doarpshûs. Ek op it plein by it doarpshûs sil it ien en oar te belibjen wêze.

Op tiisdei 30 jannewaris is de earste gearkomste mei de spilers en figuranten en de regisseur. It is om 19.30 oere yn de tsjerke fan Boksum. Ek minsken dy har noch net opjûn ha binne fan herte wolkom.