Interview met Boksumer Klaas Kuilman

Afscheidsinterview met thuiszorgbestuurder Klaas Kuilman. De 64-jarige Boksumer neemt geen blad voor de mond: ‘Dy hiele marktwurking is jildfergriemerij’

Thuiszorgbestuurder Klaas Kuilman staat bekend om een stevige mening. Aan de vooravond van zijn afscheid bij Het Friese Land neemt de 64-jarige Boksumer geen blad voor de mond. Een interview aan de hand van acht onderwerpen.

Friese taal
,,Hjir op kantoar yn Ljouwert praat ik Frysk. De oerlizzen mei oare soarchbestjoerders gean yn it Hollânsk. It is opfallend, it Fryske soarchlânskip hat noch mar in bytsje Friezen as bestjoerder. Ik fyn dat in gemis. Ien út de Wâlden – bygelyks ien út De Westereen, dêr’t ik fan oarsprong wei kom – is oars as ien fan de klaai. Ast dêr wat gefoel foar hast, ast út dat gebiet komst, dan fielst inoar earder oan. Dat is wichtich, ek tusken thússoarger en kliïnt. Ik ha trettjin jier lang alle wiken nei twa teams west. Wy ha sa’n tachtich teams, yn in jier wie ik rûn. Dat ha ik oant koroana alle jieren folhâlden.”

Lang zittende zorgbestuurder
,,Dat kloppet, ik kaam yn 2008 as ynterim binnen en sit hjirre sûnt 2009 as bestjoerder. Ik tink dat yn Fryslân allinnich Anke Huizinga fan ZuidOostZorg der noch justjes langer sit. Op in stuit falt it dy op hoe’n min ûnthâld der is. Nei tsien jier herhelje diskusjes har, ek provinsjaal. Jierren lyn ha wy in regiofisy foar Fryslân fêststeld. Dat is no wer oan ’e hân. Ast hieltyd útlizze moatst wêrom’t eat sa is at it is, hoe’t it ûntstien is, moatst dy ôffreegje: wol ik dit noch wol. Fansels, sa’nien derby is wichtich, mar ik ha der alle betrouwen yn dat Anke dy rol op har nimt, haha. Nee, soks kostet in soad enerzjy.”

,,Foar myn gefoel is der gjin foarútgong mear, it moat oars, dat witte we no wol. No wer it arbeidsmerkbelied, der binne grutte personielstekoarten yn de soarch. Dêr ha wy it al tweintich jier oer, úteinlik ha wy yn tachtich nota’s opskreaun wat der oan ’e hân is, wy moatte no ris stappen meitsje.”

,,It soarchstelsel sit yngewikkeld en kompleks yninoar. It kernprobleem fan de thússoarch binne de wurktiden. Wannear bist nedich: moarns en jûns, de piken lizze by it wekker wurden en it op bêd helpen. Dus hoe dochst dat mei in baan fan acht oeren op in dei? Minsken binne yn tanimmende mate ôfhinklik fan in ynkommen yn de soarch. Yn it ferline dienen froulju dit wurk der parttime by, no komme der hieltyd mear mei in hbo-oplieding fan skoalle. Dy moatte der in bestean fan opbouwe, dy moatte de hypoteek betelje, dy wolle in fulltime baan. Soks is dreech yn de thússoarch. Dat kinst wol sinjalearjen bliuwe, mar dêr moatte wy wat oan dwaan.”

E-health
,,Dat is ien fan myn stokhynders. Digitale soarch is ien fan de oplossingen. Technysk kin dat allegear wol, mar de kultuer by de minsken, de meiwurkers, feroarje is lêstich. Ien fan de positive effekten fan de koroanakrisis is dat de digitalisearring yn de soarch in enoarme slach makke hat. Echt wier, digitaal fergaderje wie mar wat gepruts, ynienen kinne wy it allegear. Mei Teams en Zoom, klik-klik-klik en elkenien hat ferbining. Ek tusken soarchmeiwurker en kliïnt.”

,,Ach man, dy kliïnten ha in bantsje om de pols foar de hertslach, dat folgest op ôfstân. Bloedwearden kinst sels mjitte, werom regelmjittich nei it sikehûs foar kontrôle, as dit ek fan ôfstân kin? Soarch op ôfstân hat de takomst. It is ûndersocht by âlderen: soarchmeiwurkers tinke dat de âlderein dêrtroch it ûnderlinge kontakt mist. Mar âlderen binne der just wiis mei, dy fiele har dêrtroch selsstanniger. Der is in weareld ferskil yn belibbing tusken soarchferlieners en soarchûntfangers. Wy sille mear soarch, ek ferpleechhûssoarch, yn de thússituaasje leverje moatte.”

De fusie
,,Yn dit gefal is fjouwer kear skippersrjocht. Dat is trije kear mislearre, twa kear foar myn tiid, alle kearen wie dat fanwege finansjele needsaak. Oer it algemien wurdt de thússoarch minder betelle as de ferpleechsoarch. No is der by Het Friese Land en de ferpleechsoarch-organisaasje Noorderbreedte de folle oertsjûging dat it echt moat, om de soarch takomstbestindich te meitsjen. De lêste kear, om 2014 hinne, woe de nije Ried fan Tafersjoch fan Zorgpartners Friesland ûnder lieding fan Marcel Wintels it net mear. Dy woe MCL, Tjongerschans en Noorderbreedte wer ferselsstannigje. Sy moasten defusearje. Nei it fertrek fan de ried nei de ophef oer de dûbelde beleanning, dêr’t jo in soad oer skreaun hawwe, kaam de wei foar in fúzje wer frij. Ja, dat de fúzje no wol slagget, hat wis ek te krijen mei de koerswiziging by Zorgpartners Friesland. MCL, Tjongerschans en Noorderbreedte bliuwe byinoar. Het Friese Land komt derby. Wy ha der in jier mei dwaande west, de meitingingsautoriteit ACM hat as lêste grien ljocht jûn. Wat dizze kear meiholp, wie dat ik yn it alderearste petear oanjoech dat ik gjin nije funksje ambiearde. Dat joech in fleanende start oan de fúzjeplannen. It wie fuortendaliks dúdlik dat Martin Kirchner fan Noorderbreedte de bestjoerder wurde soe. Leau my mar, soks spilet mei, soks is mannich fúzjeproses oer stroffele.”

De Hugo Borst van de thuiszorg
,,Ja, dat ha ik wolris sein, en oaren ek wol: wêr bliuwt de Hugo Borst fan de thússoarch? Kinst it Hugo Borst net kwea-ôf nimme, hy hat oandacht frege foar misstannen yn de ferpleechsoarch. Mar ik begryp net op basis wêrfan der dit jier mear as twa miljard euro ekstra nei de ferpleechsoarch giet. Twa miljard! It klotst dêr by de plinten op. De thússoarch en de húshâldlike help moatte betelle wurde út de Wmo en de Zorgverzekeringswet. Foar de Zvw binne fersekerders risikodragend, dus dy knipe je ôf. De Wmo komt fan de gemeenten, dy ha jild tekoart. Ja, ik ha de thússoarch ‘het afvalputje van de zorg’ neamd. Hoe mear wite jassen, hoe better betelle. En wy ha gjin wite jassen.”

,,Yndie, de ferhâldingen binne skeef. In hiel soad ferpleechsoarchbestjoerders sjogge binnenskeamers yn dat sy tefolle jild krije, wat better nei de thússoarch kin, al sille se dat tsjin de krante net sizze, mar it is sa. De ferpleechsoarch wurdt troch de soarchfersekerder betelle út it potsje fan de Wlz, dat sit grôtfol, en de thússoarch út de Zvw – dat potsje rint hurd leech. Dat beteljen bart fanút itselde kantoar hjirre yn de Achmeatoren, mar der sit in Chinese Wall tusken. Sa neamme se dat sels ek: in Chinese Wall . De thússoarch is dêr de dupe fan. Foarich jier is it abonnemintstaryf ynfierd foar de húshâldlike help. Foar 19,50 euro yn ’e moanne kinst dy krije, ast in kwaaltsje hast. Al bisto miljonêr, dan krigest dy noch. En de gemeente moat dat betelje fanút de Wmo, dêr kinst wat fan fine…”

Marktwerking in de zorg
,,Nee, dêr leaude ik tsien jier ferlyn net yn en dêr leau ik noch hieltiden net yn. It hat allinnich soarge foar ‘eigen belang van aanbieders, verdienmodellen en cowboys in de zorg’. Wêr gean al dy ynsidinten yn de soarch oer? Altyd dy lytse nije klupkes dy’t op ’e merk ferskine. De fatsoenlike oanbieders, de histoaryske oanbieders, deeglike organisaasjes lykas Het Friese Land, wurde hieltyd mear opsadele mei kontrôlemeganismen. Kinst moarn begjinne, in pear froulju sammelje en do hast dyn eigen thússoarchorganisaasje. Der is amper tafersjoch op, al binne se der lokkich wol mei dwaande om dêr stranger op ta te sjen.”

,,By de privatisearring fan it elektrisiteitsnetwurk en de spoarfoarsjenning sjochst deselde meganismen. Undersykssjoernalist Sander Heijne hat dêr twa jier ferlyn in boek oer skreaun: de merkwurking is mislearre. Se tochten dat mear konkurrinsje bettere kwaliteit en legere prizen opsmite soe, mar dat is nearne realisearre.”

,,Yn Fryslân binne der fjirtich oanbieders fan wykferpleging, fjirtich! Dat jout dan mear ‘keuzevrijheid’ foar de kliïnt. Wat in flauwekul. Ast in list krijst mei fjirtich oanbieders yn Fryslân, witst dan hokker ast ynskeakelje kinst? Dy hiele merkwurking is jildfergriemerij. Yllustratyf foar myn gelyk is de koroanakrisis. Binnen fjirtjin dagen dienen wy efkes net mear oan merkwurking, wy hienen no in echte krisis. Dy gearwurking die in soad fertuten.”

Bureaucratie
‘De bureaucratie in de (thuis)zorg is erger en fnuikender dan Kuilman van tevoren had gedacht’. Krekt, dat koenen jo lêze yn in ynterview mei my yn 2009. Ik kaam út it advyswurk en âldereinwurk. Hoe’t dat no is? De burokrasy is allinnich mar slimmer wurden, nettsjinsteande alle beloften. Skrassesjes op lanlik nivo? De polityk lit it foarkomme as oft wy dwaande binne mei it ferienfâldigjen fan burokratyske hannelingen, mar dat is net wier. Der binne allinnich mar mear regels kommen, it nimt jierliks ta. Soest tinke dat de automatisearring foar ferlichting fan de burokratisearring soarget, mar de tanimming fan data soarget ek foar in tanimming fan fragen. Dan moatst wer ferantwurdzje wêrom’tst ôfwykst fan ien of oar lanlik gemiddelde. Elke gemeente hat syn eigen systematyk, en wy ha te krijen mei trettjin gemeenten. Elke soarchfersekerder hat ek syn eigen systematyk. Elke hanneling by in kliïnt moatte wy ferantwurdzje. Wêrom dat alles net uniformearje? En dan sizze De Friesland en CZ wol dat it úteinlik allegear gearskeakele wurdt, mar dat wurket wier net sa.”

Toekomst van de thuiszorg
,,Dat wie it ûnderwerp fan it minysympoasium ta eare fan myn ôfskied. Mar dat giet net troch. It is ôfsein fanwege de oplibbing fan de deltafariant. It is dúdlik dat wy it mei it each op de fergrizing en de ferwachte personielstekoarten ha moatte fan e-health. In oare grutte pylder is previnsje. It hiele soarchsysteem is noch altyd rjochte op watsto hast. De nije oanpak is foar te kommen datst wat krijst! Om de soarch betelber te hâlden, is dy omslach yn de soarch nedich: minsken moatte sels mear ferantwurdlik wurde foar harren eigen sûnens, foar safier asto der ynfloed op hast.. Foar wolfeartssykten moatte minsken mear sels ferantwurdlik steld wurde. Ik sit ek net yn de sportskoalle omdat ik dat sa leuk fyn, ik sit dêr omdat beweging wichtich is.

 

Bron: Leeuwarder Courant | 19 augustus 2021
Door: Goos Bies | foto: Niels Westra