Boksum is in âld terpdoarp yn de Greidhoeke. It doarp leit oan de westlike kant fan de eardere Middelsee. De Hegedyk, eastlik fan it doarp, is de âlde seedyk. Oer in opdyk – no de Tiltsjedyk – koe men yn ‘e Midsiuwen op ‘e doarpsterp komme. Terpfynsten yn Boksum datearje út it begjin fan de jiertelling.
De namme Boksum falt ûnder de “um-nammen”. Dizze um-útgong betsjutte “him” of “hiem”. Der moat yn it ferline in Bokke west hawwe dy’t mei syn famylje in terp opsmiten hat. Troch it gearlûken fan Bokke syn “him”, Bokshim, ûntstie sa njonkelytsen de namme Boksum. Foarhinne waard Boksum altyd mei in X skreaun, mar dat joech mei de post gauris betizing mei Boazum. Yn 1972 besleat de rie fan de gemeente Menameradiel dat it tenei Boksum wêze soe.
Terpoarte
Yn de midsiuwen stie de stins Terpoarte oan de noardeastkant fan Boksum. Terpoarte wie eigendom fan abdij Lidlum by Easterbierrum. De konversen, of likebruorren, dy’t op Terpoarte taholden arbeiden oan de Middelseedyk en polderen stikken fan de Middelsee yn. Se libben om 1300 hinne net mear neffens de kleasterregels. Der waard sein dat se gauris tefolle dronken en omsloegen mei froulju. Doe’t abt Eelco Liauckema fan Lidlum harren hjiroer geweken naam fermoarden se him op 22 maart 1332.
Juckema-state
Noardlik fan de tsjerke stie de Juckema-state op de doarpsterp. Dit stik fan de terp is yn 1869 ôfgroeven sadwaande kin men gjin spoaren mear fine fan de state. Op dizze state wenne yn de twadde helte fan de 15e iuw Worp Lieuwes Juckema. Yn dy tiid wie der yn Fryslân in oarloch geande tusken Skieringers en Fetkeapers. Boksum stie oan de kant fan de Skieringers. Der wie gauris fjochterij mei de Fetkeaperske stêd Ljouwert. Yn 1487 ferslane de Skieringers de Fetkeapers fan Ljouwert en Worp (of Werp) Juckema wurdt dan in skoft gûverneur fan de stêd. Yn de twadde helte fan de 17e iuw is de Juckema-state ôfbrutsen.
De toer fan de tsjerke
Op ‘e stille winternacht fan 5 op 6 febrewaris 1842 waarden de Boksumers kjel wekker. De grûn skodde en it teeguod rôle út ‘e kast. De sealtektoer fan de Sint Margryttsjerke wie omfallen. Hy hong al wat jierren út it lead, mar yn 1841 wiene de muorren noch neisjoen. Net ien hie dan ek ferwachte dat er omfalle soe. Spitich genôch rekken de beide klokken stikken doe’t de toer ynstoarte. De âldste en tagelyk lytste klok wie getten yn 1453. De jongere klok, de grutste, wie fan 1639. Al ridlik gau waard begongen mei de opbou fan in nije toer en dy wie yn 1843 klear. Men brûkte de stien fan de âlde toer, lykwols net om wer in sealtektoer te bouwen. Neffens de moade fan dy tiid waard it in toer mei in 12 meter hege spits. Yn 1879 waard de nije toer ommitsele mei nije stien om’t de âlde stien trochsloegen. Der sit in tinkstien yn de muorre fan de toer dy’t de bouhistoarje ferhellet.
Douwe Kalma
Douwe Kalma (3 april 1896 – 18 okt. 1953) waard yn Boksum berne. Hy wie skriuwer, Shakespeare-oersetter, Frysk beweger en mei-oprjochter fan de Jongfryske Mienskip.
Ulbe van Houten
Ulbe van Houten (23 maart 1904 – 22 maart 1974) wie ûnderwizer en skriuwer, ek syn widze stie yn Boksum. Syn bekendste boek is “De sûnde fan Haitze Holwerda”. Ek skreau er “De hillige histoarje”, de bibel neiferteld foar it Fryske folk.