Herdenking en kranslegging Boksum

Afgelopen zondag, 3 mei 2015, zijn de slachtoffers van de Tweede Wereldoorlog herdacht.
Hieronder het verhaal van Jo van der Tol-Tromp tijdens de herdenkingsdienst;

OORLOCH     1940 – 1945

FOARSTELLE;  IK BIN JO VAN DER TOL-TROMP
Hjir binne fêst minsken yn de tsjerke die mij better kinne as Jopie Tromp. Ik bin berne op 24 maart 1931 bêrne en opgroeid yn Boksum, dochter fan 
Hendrik Tromp die smid wie yn Boksum en troud wie mei Jetske Wetting. Heit en Mem lizze hjier ek op it hôf.

Op ûtnoeging fan de organisaasje stean ik hjir om wat te fertellen hoe ik de oorloch belibbe ha. Toen de oorloch útbruts wie ik 9 jier, dêr wienen doe yn ús
húshâlding 6 bêrn en yn septimber 1946 kaam dêr noch ien bij
 en dat wie ús Henk.
 Spytich genoch is ús Henk 26 maar j.l. ferstoarn op 68 jierrige  leeftyd. Wij gongen mei-inoar yn Ljouwert op skoalle Yn Húzem, Johannes de Doper skoalle. Ik wit noch wol dat wij nei in oare skoalle moasten want de Dútsers foarderden ús skoalle.

Ek in kear, wij wienen ûnderweis nei hûs kamen dêr fleanmasines oan en wij gau yn de wâl en doe besketten de Ingelsen de trein fan Ljouwert nei Snits en dy nei Harns, wij wienen och sa bang. Ik wit net mear wannear dat wie.

Underdûkers
Ja die gongen bij ús de doar ek net foarbij;
 Dirk Huisman – Johannes Woudsra – Jan Beuger – Minne v.d. Meulen
 – Gabe Laanstra en myn omke Minecus Wetting, hij is 24 april j.l. ferstoarn 
ik sil him misse.

Dirk Huisman wie earst bij Sietse Kingma, kryg dêr in ûngemak mei in bolle
 en kryg epilepsie oanfallen in skoft letter kaam hij bij ús. Us Mem hat tige op him post. Jan Beuger kaam út Den Haag, hoe Jan bij ús kommen is wit ik net, je mochten as bêrn ek alles net witte, ús Heit syt ek yn de ûndergrûnse
 en Jan syn Heit ek dus kontakten genoch. 
Jan moast oergrieselik wenne, fan de grutte stêd nei it lytse doarp Boksum
 dat wie in hiele feroaring. 
Jan wie in aardiche en leave jonge, ús Mem wie wys mei Jan hij kaam ek út 
in grutte húshâlding. Jan waar siik en ik ek wij hienen beide difterie, Jan lei boppe en ik ûnder
en troch briefkes te skriuwen hienen wij kontakt. Jan syn Heit kaam bij ús op besite, net safolle letter waar syn Heit oppakt en is net werom komme, dat wie foar de húshâlding yn Den Haag net bêst. In skofke letter woe Jan werom nei Den Haag, om syn Mem te steunen en
it wurk fan syn Heit fuort te setten.

Letter waar Jan oppakt en ôffiert nei Dútslân, waar slim siik en kaam yn 
it siikenhús yn Leipsich. Hij hat de oorloch oerlibbe en waar befrijd troch de Ingelsen en kaam letter yn it siikenhús yn Den Haag. 
Us Mem en ik ha him doe nochris opsocht, wat wie hij bliid dat hij ús seach.
 Hy sei; Wat heb ik veel aan jullie te danken. Hij hat letter noch gauris bij ús west.

Ek wit ik noch dat ús Heit jûns mei de ûnderdûkers de doar út gie en ûnder Hylaard sljipten yn in pream ferskoele ûnder it reid. Yn de winter, Heit mei in pear mannen (doe hienen we noch echte winters) jûns let dêr op út om bjemmen om te seagjen want de kachel moast wol baarne. Ek waar dêr wolris yn it woskhok in skipke slachte, want mei 6 
ûnderdoekers en in grutte húshâlding moast dêr wol wat op de tafel komme.
 Mei ús Mem die ik dat dan yn de weckflessen.

Ja, en doe die bewuste dei septimber ‘44 wie alles yn de war, it wienen allegear Dútsers se fleagen om ús hús hinne op nei de pleats fan Jan Andreae, want se sochten únderdûkers,m ar die wienen gelokkich op tiid achter yn it lân ferskoele, mar dat woenen de Dútsers net liuwe se stutsen de pleats yn de brân. Hoe dat fierder gien is wit ik net want sa ik al hjerder sein ha as bêrn mochten wij neat sjen, mar dêr wit Douwe Gerbens mear fan. Us hús wie net fier fan de pleats ôf de únderdûkers raanden hast op harren skoelplak, (dat skoelplak sit noch yn it hús, ik bin och sa bliid dat 
Mark van Houten die dêr no mei syn Joke dat sitte litten hat).
Tige tank dêr foar. Us Mem hie it laad fan it kammenet klear stean, dêr siet de boekhâlding yn en de fersekerings papieren, want je witte it mar nooit de brân wie ticht bij
 en wat hienen de Dútsers noch mear yn de holle?

Ek wienen dêr yn Boksum evakuees se kamen út Venray Limburg, bij ús kaaam in echtpear de family Pollard, se hienen 10 bêrn bij ús yn it doarp
en dy bêrn kamen ek altyd bij ús want de bêrn wolle graach bij Heit en Mem wêze. It foel foar ús Heit en Mem net altyd mei. Ek kaam dêr in pastoor mei (wij wienen ek katholiek) wij hienen om de safolle tiid in tsjerke tsjinst yn it lokaal fan Jan en Afke de Jong die 
wennen tsjin oer ús. Hoe die pastoor hiet dat wit ik net mear.

Dit wie in hap en in snap, hoe ik de oorloch troch kommen bin. Noch efkes dit; ik bin fanút Boksum troud mei Durk v.d. Tol, wij ha 52 jier troud west en krygen 4 bêrn, ús âldste jonkje Jan-Dirk is mar 3 jier wurden en is ferongelokke, ús famke Jetta (eigenlik) Jetske wie doe 6 wike.
 Wij ha letter noch 2 jongens krygen, ek wêr in Jan-Dirk en Hendrik. Spytich genoch is Durk op 29 desimber 2008 ferstoarn, dat is in hiel gemis.

Tige tank foar jimme oandacht.