Doarpsmerke Boksum 2021

It waar makket de merke
Mei boppesteande siswize bin ik faaks útein set as ik in stikje skriuw foar de Klaver Trije oer boppesteand barren. De merke, die der hiel oars út kaam te sjen as oare jirren, krige derom de paslike namme Oars as Oars.

Foardat ik útein set wol ik / wy / it doarp de merke kommisje in grutte plom jaan foar harren trochsetten, it bliuwen liuwen yn dat it feest hoe dan ik troch gean moast. Doe der úteinliks ien wike foar de datum grien ljocht kaam út Frentsjer gong er in joechei op. In goed yntsjinne plan waard beleane. Yn de wike dat it oangean moast krigen de doarpsgenoaten noch in A4 oanrikt mei allegearre ynformaasje oer de faksinaasje. Elts die feest fiere woe moast syn / har QR koade sjen litte of in sneltest (testen foar tagong) út Ljouwert oerlizze. Grutte kompliminten oan de jeugd en al die oaren die sich eltse dei teste lieten by Crystalic.

Sjipkisterace
We sette de tongersdeitejûn útein mei de sjipkisterace. Fan Diorremahiem mei in bloedgong nei beneden en die it measte faart hienen bedarren fierder op yn de striepakken. It tal dielnimmers wie beheind mar dochs fleagen de kisten in kear of wat foarby. De earste priis wie foar in oanklaaide badkûp (bad mei bietn) fan Ids, Niels en Chris die de fierste en de snelste wienen. As goede twadde wienen dat Franke mei Ylva. De poedelpriis gong nei Remco en syn maten. Die krigen it foar inoar om nei in tal meters al op de side te lizzen. As dat no kaam troch de piloat of hie it te krijen mei Hertog Jan.

Dernei sette in elts ôf nei it omheinde merke terrein wer kontrôle plak fûn. It doarpshûs hat mar foar twa aktiviteiten iepen west, de quiz en de tradisjonele BINGO. Alle oare aktiviteiten moasten folgens de rigels bûten plak fine. Untanks dat er sa no en dan wat storein del kaam bliuwen alle minsken hingjen. Lotting foar it merkekeatsen en noflike muzyk fan DJ Bram en DJ Rudy. Dizze dôven om 23.00 it ljocht neffens de rigels.

Bernespultsje yn de iere moarn bringe net in heap minsken op fuotten. Dit bart wol as de matadors de keatsarena betrêde. Leafst 18 partoer stride om de krânsen 11 mei de grutte en 7 partoer mei de lytse bal. Spannende partijen en fermaaklik is om te sjen hoe jong en âld de ballen soms mei goed tuskenspul oer de boppe jeie of kwea slaan. De waarsomstannichheden koenen net better.

Grutte bal: earste priis en yn de krânsen partoer fan Reinder Visser, Sven Schukken en Mark Velt. Twadde priis wie foar Jarno Stok, Cido Sloterwijk en Klasiena Hellinga. Tredde priis bedarre by Maureen Stok, Luuk van Dijk en Tim de Vries. Ferliezers wienen der ik, earste: Melvin Dijkshoorn, Folmer v.d. Werf en Grietsje Hannema. Twadde by de ferliezers: Richard Heslinga, Lars Boskma en Franke Tilma.

Lytse bal en yn de krânsen: Douwe Andela, Bram Koning en Sibine Dijkshoorn. Twadde wie foar Sierd Jan de Leeuw, Symon Miedema en Hillebrand Wynstra (nei bless. H.W. is it keatsen oernommen troch Willem Weijer). Earste ferliezers: Bjorn Miedema, Tjitze Minne Miedema en Rens Heslinga.

Koekjebakke foar de bern, berne disco en de jûns Bingo en muzikaal fertier fan de band B-Normaal. Wol is it fermelden wurdich dat spullieder Ynze Postma in grut tal Jeu de Boulers yn en om de baan krijt (23). Hwa mei yn 2021 de titel Jeu de Bouler / Boulster opeaskje mei der oan ferbûn in moaie priis en in protte media oandacht? Nei in spannende knikkerderij einige Alie Postma op nr 4 mei 19 punten. Jeep Post eindige knap as tredde mei 21 punten wylst Margriet Kalma ien punt mear de twadde priis taskikt krige. Ta tûkste waard kroant Ria Schrale die 23 punten makke.

En dan is it al wer sneon. It is stralend waar as we útein sette mei in feestmiel. Op de sosjaal medium ha ik oaren sjen kinnen hoe soks der út sjocht. Alles ta de lêste stoel beset en we ha ús tegoed dien oan al dat lekkere dat de kommisje foar ús klear setten hie mei tank oan buorman / ambachtsbakker Sybesma die goed syn bêst dien hie. De middei’s waard er noch in seiskamp ôfwurke wer yn in elts oan mei dwaan koe.

Elts gong er om 15.58 noflik foar sitten doe Bruno en syn maten harren opwachting makken. Seis oeren lang ha se ús dwaande hâlden en in protte hienen de lêch aardich út om 22.00 oere. As it no om it hossen kaam of it bier we litte it mar yn it midden.

Sweefmole Dirk Wolters die goede saken en skriuwt op syn account dat it in âlderwetske merke wie. Boksum wie it earste plak wer dizze ûndernimmer syn spul wer opbouwe mocht. Ek Angela’s snackwein die goede saken, want by al dat drinken moat je ek goede ûndergrûn ha, is it net? Yn it doarp ôfrûne wiken oars net as kompliminten oer it slagge feest.

Tank oan de feestkommisje, Klaske, Willem, Evelien, Nicolette, Durk, Bianca, Mark, Jarno en Peter. We moatte ek de sponsoren net ferjitte die dit feest mei mooglik makke ha. Hooplik yn 2022 wer in feest sa as we went binne sûnder de boppe opskriuwen beheiningen.

S.Té