It is miskyn al opfallen, de klok fan de tsjerke is fan slach. Hy rint in oere achter. It oerwurk wurdt oanstjoerd troch in satellietsignaal. En der leit it probleem, it signaal giet al út fan de wintertiid. Dus de klok is syn tiid foarút. Toeroerwurkbedriuw Vellema jouwt oan dat der neat oan te dwaan is en dat op mear plakken itselde oan de hân is. Op snein 31 oktober giet de wintertiid echt yn en dan rint de klok wer goed.