Stifting Boksum foar de Lins hâldt him dwaande mei de skiednis fan Boksum. Yn 1988 waard der in wurkgroep foarme dy’t útein sette mei in jierlikse (foto)útstalling yn de Sint Margryt tsjerke. Underwerpen yn dizze útstallings yn de hjerstfakânsje wiene û.o. doarpsfoto’s, boppeljochten yn huzen en pleatsen, timmerark, boere-ark, rou-, trou- en bertekaarten, it spoar en de natuer.

It doel wie ynearsten om jild te garjen foar de restauraasje fan tsjerke en toer. Boppedat kaam de tsjerke dan ek wat mear ûnder de oandacht, en koe men sjen dat restauraasje breanedich wie. De restauraasje krige syn beslach yn de jierren 1996-1997 wat de toer oangiet en yn 2001-2002 folge de tsjerke sels. Boksum foar de Lins hat syn stientsje bydroegen oan de restauraasje. De kroan op it wurk wie de restauraasje fan it oargel yn 2012. En ek by dizze lêste put wie der jildlike stipe fan Boksum foar de Lins.

Der is troch de jierren hinne in aardich argyf opboud. Der is in kast fol mei papier en foto’s en de measte foto’s binne ek nochris digitaal opslein.

Yn 2005 makke de wurkgroep de gong nei de notaris en waard it tenei Stifting Boksum foar de Lins.

Foto’s fan Boksum en/of tekst, mar ek oar materiaal, binne noch altyd wolkom. Dat as der opromme wurde moat, tink dan earst oan Boksum foar de Lins, weismite kin altyd noch.

Foar de stifting:
Douwe Gerbens, foarsitter, 058 – 2541570
Jan Pasma, skriuwer, 058 – 2541242 of 06 – 40 61 93 38
Annie Bouwma, ponghâldster, 058 – 2542232 of 06 – 23 61 03 39
Douwe de Vries, 058 – 2541732 of 06 – 36 48 46 00
Griet Hofstra, 058 – 2541939
Syds Pasma, 06 – 25 29 64 18

E-mailadres skriuwer:     jan.pasma@hetnet.nl