BOKSUM FOAR DE LINS > Foto’s frege!

Fan de bewenners fan alle huzen yn Boksum hjoed-de-dei soe Stifting Boksum foar de Lins graach in foto krije wolle dêr’t jo húshalding of gesin op stiet. Hawwe jo by tafal ek in foto fan de húshâlding fan eardere bewenners dan kin dy derby ynlevere wurde. Wy kopiearje sa gau mooglik jo eigendommen en dan krije jo de foto’s werom. Dan kin Boksum foar de Lins der in moai boek fan meitsje, ek mei inkelde ferhalen derby. Jo kinne de foto’s ynleverje by Griet Hofstra en Jan Pasma.

Boksum foar de Lins bestiet 30 jier. It boek kin in prachtich dokumint wurde fan it doarp hjoed-de-dei  mei sydstapkes nei it ferline.