Advendo’s St. Patrick’s Day concert

Slagge munsterklus fan fanfare Advendo… kopte it F.D. 17 desimber j.l.
No trije moanne fjerder (16 Maart) stie er al wer in karwei die er wêze mocht, nammentlik in konsert jaan oer St. Patrick’s Day.

“Hebt u genoten?” stie er op it programmabledsje. Skriuwer moat dit mei in fûlmundig JA beäntwurdzje en ik tink, mar ik wit it hast wol seker, ek al die oaren yn it ta it lêste plak besette seal fan ‘It String’. Dirigint Jorrit Laverman hie der wer wat moais fan makke en de muzikanten lieten harren fan harren bêste kant hearre (dogge se altyd). En as je dan ik noch de ‘creme de la creme’ del komme litte op sjong en ynstrumentaal gebiet dan kin je konkludearre dat neat in slagge jûn yn de wei stean soe.

Anke Boersma en Jan Haakma ha ús genietsje litten fan harren tsjong keunsten. Foaral it gefoelige ‘Enya’ fan Anke wie der ien om stil fan te wêzen. Ek Jan koe er wat mei, U2 kaam foarby en in bekende medley mei nûmers fan de Dubliners foelen by de oanwêzigen wol yn de smaak. Ek Wietske Hofman liet hearre dat se op de blokfluit in fiterioos is. En dan ha we it noch net iens hân oer ús eigen Mr. Tim de Vries die de doedelsek bespile. Geweldich, ik waard er kâld fan!

Der tusken troch lieten inkelde minsken fan it korps hearre wat sy al sa yn de mars hiene. Doe nei rom ien oere de lêste klanken fan it konsert klonken wie in elk fan miening dat it konsert einliken te koart wie. Lûd en ljocht mei tank oan Bram en Allard.

ADVENDO, gean sa troch, muzyk jout bining fynt.

S.Té.